Lyrics

Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de krater Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de wrâld Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de krater Myn swarte fuotten rinne En ik wol noch net nei hûs Ik wit net wêr't ik bin Ik wit net wat der komt Mar myn fuotten stampe fierder Oer de râne fan de krater Ik wol witte wa't ik bin Yn alle hoeken fan de wrâld Ik wol noch net nei hûs Ik wol it witte Ik bin de ûntdekker Fan it grutte ûnbekende yn my Ik bin de ûntdekker Myn spoaren binne farsk Alle dagen bin ik nij Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de krater Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de wrâld Ik feroarje mei it lânskip Ik ferraan mei de klimaten Ik gean op yn alle kleuren Sla de bek yn elke taal Ik kolkje mei rivieren Lis it oan mei metropoalen Lit my felje troch de sinne Lit my folje mei de rein Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de krater Myn swarte fuotten rinne En ik wol noch net nei hûs Yn woastinen sier ik sân Drink ik tee mei skorpioenen Swim ik linich as de slangen ûnder koele rotsen troch Yn it iislân bin ik breid Sliep ik yn in wite suite Op it heechste himelbêd Sjong ik lieten fan kristal Ik bin de ûntdekker Fan it grutte ûnbekende yn my Ik bin de ûntdekker Myn spoaren binne farsk Alle dagen bin ik nij Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de krater Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de wrâld Myn swarte fuotten rinne Oer de râne fan de krater Myn swarte fuotten rinne Rinne rinne rinne rinne Mar fyn my as ik immen fyn Immen dy't ik net weromken Immen dy't ik net werken Fyn my as ik immen fyn Fan wa'sto net mear hâlde kinst Fyn my, fyn my dan werom
Lyrics powered by www.musixmatch.com
instagramSharePathic_arrow_out